GFT ynsammeljen: service omleech

Geplaatst door sybrenposthumus op 30/07, 20:11 uur.

Wat is it noflik, sille jo tinke. Yn 'e maaityd, simmerdeis en yn 'e hjerst alle wiken moai de GFT-konteners lege. Jo túnôffal fuort, net safolle stank fan rotsjend fruit. Jo hoege allinnich mar de kontener by de dyk te setten. Mar takom jier wurdt alles oars.  Troch in beslút fan de gemeenteried fan Boarnsterhim op 6 july wurde fan 2011 ôf net mear op 13 ekstra sammeldagen de GFT-konteners ophelle. Dat sil dan noch mar ienris yn 'e 14 dagen dien wurde. Allinnich de FNP woe de frekwinsje en de service op peil hâlde, alle oare partijen hienen gjin muoite mei it foarstel fan B&W.  

Dus as jo takom jier wikenlang wachtsje moatte mei in folle kontener en it spul net mear kwyt kinne, witte jo wêr't it oan leit. Foar in pear tientsjes op jierbasis wurdt de service folle minder. De FNP woe it hâlde sa't it no is, mar de oare partijen litte de boarger mei it ôffal sitte. Wêr bringe jo it hinne? Komt it op in grutte bult achter hûs, of yn it miljeu? Neffens de wethâlder soe it allegear wol wat tafalle. Minsken krije in kontener mei in ynhâld fan 240 liter, mar dy hawwe minsken no ek al. Jo witte, as jo it ergens net mei iens binne, kinne jo de politike partijen benaderje. Wa wit komme dy noch ta it besef dat it systeem sa't it no is net iens sa raar is ...  

Sybren Posthumus riedslid FNP, Reduzum  

Categorieën: sybrenposthumus
Waardering van dit artikel:
  • 0.0/5 sterren
(0 beoordelingen)

Reacties (0)

Plaats een reactie

Er zijn nog geen reacties

Je bent niet ingelogd. Klik hier om in te loggen en hier om je te registreren, of plaats meteen je reactie: (door te registreren kan je zelf ook nieuws, foto's, foto albums en video's plaatsen)

Je kunt geen HTML-codes gebruiken in je reactie.

captcha
Naar boven

Meer headlines

stats