Fragen FNP oer bouplan Nesserdyk Grou

Geplaatst door sybrenposthumus op 05/07, 23:04 uur.

De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Boarnsterhim hat in mail tastjoerd krigen fan ferûntrêste bewenners yn Grou. It giet om it bouplan op it eardere haadfjild fan sportkpompleks Nesserdyk te Grou. It is de bedoeling dat dêr 24 keapapparteminten ferdield oer 3 gebouwen realisearre wurde en dat der ek in tagongsdyk nei de apparteminten oanlein wurde sil. Sûnt 3 maaie 2010 hawwe de bewenners en belanghawwenden dêr neffens de tastjoerde mail grutte problemen mei.

De bewenners jouwe oan dat se op gjin inkelde wize belutsen en ynformearre binne by en oer it aktuele bouplan. It wykt behoarlik ôf fan de plannen dy't der earder leinen en dêr't de bewenners wol mei libje koenen. Earst soe der in protte grien en wetter (fivers) komme. De bewenners, benammen oan de Troelstrawei, sizze dat de nijste plannen ten koste gean fan har wengenot en dat it liede sil ta weardefermindering fan har wenning. Se sizze dat se nei jierren fan goede kommunikaasje ynienen yn 'Op 'e hichte' (gemeentlik ynformaasjeblêd) lêze moasten dat de wolstânskommisje op 4 maaie it bouplan foar de 24 apparteminten beoardielje soe. Nei amtlik oerlis soe bliken dwaan dat de gemeente neat mear foar de bewenners betsjutte kin en dat eventuele wizigings allinnich noch troch ûntwikkelder SHP dien wurde kinne.

De bewenners freegje har no ôf hokker arguminten der binne dat de oarspronklike plannen wizige binne (se hawwe noch gjin inkeld argumint heard).

Der hawwe no op 7 juny en op 28 juny oerlizzen west mei it Kolleezje, sa hawwe wy begrepen (wethâlder Van Beek).

Dêrom stelt de FNP de neikommende fragen:

Fragen:

Is it kolleezje it mei ús iens dat de kommunikaasje rjochting omwenjenden en belanghawwenden better kinnen hie? Hienen de wizigings noch earder en better kommunisearre wurde kinnen?

Wêrom binne der safolle wizigings dien yn de oarspronklike plannen (dy't wol op draachflak yn Grou rekkenje koenen)?

Komme de bouplannen noch yn de Gemeenteried foar goedkarring? Sa nee, wat sil it kolleezje dwaan om de omwenjenden te ynformearjen en oan de hân dêrfan yn oerlis mei SHP de plannen eventueel noch oan te passen?

Categorieën: sybrenposthumus
Waardering van dit artikel:
  • 0.0/5 sterren
(0 beoordelingen)

Reacties (0)

Plaats een reactie

Er zijn nog geen reacties

Je bent niet ingelogd. Klik hier om in te loggen en hier om je te registreren, of plaats meteen je reactie: (door te registreren kan je zelf ook nieuws, foto's, foto albums en video's plaatsen)

Je kunt geen HTML-codes gebruiken in je reactie.

captcha
Naar boven

Meer headlines

stats