Fragen FNP Boarnsterhim oer REC Harns

Geplaatst door sybrenposthumus op 30/06, 15:44 uur.

De FNP-fraksje hat n.o.f. it dossier REC de folgjende fragen. Wy hawwe de fragen oernommen fan it swartboek fan de groep 'Afvaloven Nee'. Kommende tiisdei 6 july wurdt dizze saak behannele yn de gemeenteried. 
 
1. De opslach fan 10.000 ton ôffalstoffen op it bûtenterrein, is de opslach nedich troch de situaasje mei ien oven? Is de opslach op dizze skaal, dat wol sizze net yn konteners, wetlik tastien? 
Binne der foldwaande foarsjennings troffen om stank fan opslein ôffal te foarkommen (fûgels, ratten en mûzen kinne it iepenklauwe)? 
2. Binne der foldwaande foarsjennings trofgfen om de kâns op brân yn 'e bûtenopslach foar te kommen? 
3. Der wurdt ien oven boud, is dat folslein unyk en dêrtroch mear risikofol? Kloppet it dat dat by stilstân fan de oven in grutte stankemissy jaan sil? 
4. Binne de emissynoarmen en -regels te heljen mei it ientraps doekfilter? Yn hoefier is hjir eksterne tastimming foar jûn?  
5. is de kombinaasje fan de relatyf lege skoarstien mei it ientrapsdoekfilter net risikofol? Afvaloven nee beweart dat de REC yn Harns in faktor 5-10 heger yn emissys útstjitte sil yn fergelyk mei Bamberg. Kloppet dat?    
6. Is it oantal fergunde steuringsoeren fan 60 yndied oan de hege kant foar in nije ynstallaasje? Kloppet it dat jo dy steuringsoeren ta nul redusearje kinnen hienen troch twa filtersystemen parallel te bouwen? 
Wurdt de omjouwing no belêste mei in ûnnedige útstjit fan giftige stoffen lykas dioxines en furanen? 
Hoefolle kosten hienen anneks west mei in dûbele doekfilter-útfiering?

Categorieën: sybrenposthumus
Waardering van dit artikel:
  • 0.0/5 sterren
(0 beoordelingen)

Reacties (0)

Plaats een reactie

Er zijn nog geen reacties

Je bent niet ingelogd. Klik hier om in te loggen en hier om je te registreren, of plaats meteen je reactie: (door te registreren kan je zelf ook nieuws, foto's, foto albums en video's plaatsen)

Je kunt geen HTML-codes gebruiken in je reactie.

captcha
Naar boven

Meer headlines

stats