FNP: gemeente net opdraaie litte foar faksinaasjekosten
GROU – De FNP sil tiisdei 22 juny yn 'e gemeenterie fragen stelle oer de fergoeding foar de faksinaasjes fan de saneamde 'Meksikaanske gryp' troch it Ministearje fan VWS. It kin yn 'e eagen fan de FNP net sa wêze fan maatregels dy't yn Den Haach op it Ministearje betocht binne ek automatysk samar troch de gemeenten betelle wurde moatte. Al hielendal net as dêr lykas mei de grypfaksinaasjes ek behoarlik wat maatskiplike ûnrêst oer is.
Dêrom freget de FNP him ôf oft de gemeente Boarnsterhim, dy't der finansjeel ek al net goed foarstiet, alle mooglike kosten fergoede krigen hat. Dat om't de gemeente Smellingerlân de kosten ek folslein fergoede krigen hat.
Hjirûnder steane de fragen yntegraal werjûn.
Fragen foar de riedsgearkomste tiisdei 22 juny 2010
Fergoedzjen fan kosten faksinaasjes
Ynlieding:
De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Boarnsterhim hat yn it Frysk Deiblêd fan 12 juny ll. lêzen dat de gemeente Smellingerlân alle kosten dy't makke binne yn ferbân mei de saneamde 'Meksikaanske gryp' fan ôfrûne winter, frijwol folslein fergoede krigen hat fan it Ministearje fan Folkssûnens. Ek kosten foar bygelyks de iepenbiere oarder, tink oan kosten foar ferkearspaadwizers, waarden fergoede.
De FNP fraksje is fan betinken dat it net sa wêze kin dat de gemeente Boarnsterhim opdraaid foar de kosten fan maatregels dy't troch it Ministearje fan VWS 'opkrongen' binne oan de gemeenten. Al hielendal net as dêr lykas mei de grypfaksinaasjes ek behoarlik wat maatskiplike ûnrêst oer is. Dêrom freget de FNP him ôf oft de gemeente Boarnsterhim, dy't der finansjeel ek al net goed foarstiet, alle mooglike kosten fergoede krigen hat (tink ek oan kosten ynformaasjefoarsjenning, hier sporthallen, oeren meiwurkers ensfh.).
Dêrom stelt de FNP de neikommende fragen:
Fragen:
1. Wat hawwe de kosten meielkoar west dy't de gemeente Boarnsterhim makke hat foar de faksinaasjes om de 'Meksikaanske gryp' hinne? Graach ek in opsplitsing yn kosten fan amtlike oeren, kosten hier sealen, ynformaasjefoarsjenning ensfh.
2. Hat de gemeente alle kosten weromfergoede krigen fan it Ministearje fan VWS of binne jim dat noch fan doel nei de 'presedintwurking' fan Smellingerlân?
- 0.0/5 sterren
Meer headlines
- Grou: Voetbaluitslagen clubs Boarnsterhim
- Grou: Foto's open dag sportpark Meinga
- Grou: Veel belangstelling bij pas geopend sportpark Meinga
- Grou: Extra zitplaatsen voor De man fan Myra
- Wergeaster scheurt met hoge snelheid over snelweg
- Reduzum:Grote Senioren Frije Formatie Kaatspartij
- Leeuwarden: Oefenwedstrijd Nederlands Korfbalteam tegen Friese selectie
- Sipke Saakstra stelt zich beschikbaar als kandidaat voorzitter van de KNKB
- Bridge in Grou
- Grou: Feestelijke opening sportpark Meinga
- Wirdum: Toekomstvisie Nieuw Stroomland klaar
- Akkrum: ‘Switch' officieel partner Topsport Steunpunt Noord
- Grou: Verkeershinder op A32
- Grou: Agenten helpen spookrijdster
- Aldeboarn: ‘Mei inoar ien' wint 65e editie van Gondelvaart Aldeboarn
- Grou: File door autobrand
- Akkrum: Vrachtwagen te water
- Reduzum: Records sneuvelen bij Ei-gooi-en-vang-wedstrijd
- Wegafsluiting vanwege aanleg duiker
- Geen extra geluidsscherm voor nieuwe school Akkrum
- Nij Beets: Duizendste freon voor Damshûs
- Nij Beets: Stoppeldei trotseert de regen
- Fryslân: Politie waarschuwt voor diefstal buitenboordmotoren
- Aldeboarn: Groot feest bij 65-jarig jubileum Gondelvaart
- Aldeboarn: Binnenpicknick voor Kankerfonds op de Boarne
- Grou: Boarnsterhim in twee stukken opgedeeld
- Raerd: Raerder Merke ‘op ‘e kop'
- Tersoal: Jongeren dakloos bij de Nacht Zonder Dak
- Grou: Brandweer Boarnsterhim op zoek naar vrijwilligers in Grou
- Wytgaard: Man blijft ongedeerd na flinke klap
Reacties (0)
Plaats een reactieEr zijn nog geen reacties